De dwerskop is in grut muzikaal en fisueel teaterbarren midden op de Sintrale As, foar it akwadukt fan Burgum. Mei meiwurking fan sa’n 150 minsken út de omkriten fan de nije wei. Foar it barren wurdt spesjaal in grut projektkoar en in gelgenheidsorkest oprjochte. In spesjale edysje fan it Iepenloftspul Burgum yn gearwurking mei BUOG. In barren om net gau te ferjitten!
It stik giet oer twa memmen dy’t fanút de kapperstoel nei harren bern sjogge dy it lok net fine kinne. Folmer is de iene, in frijgeselle boer dy’t in protte kânsen yn it libben mist hat. Maaike is de oare. Wol troud mar net gelokkich. Tritich jier lyn hienen se ferkeaering , mar troch in famyljeskeel moast hjir in ein oan komme. Se wenje beide oan in kant fan it kanaal, toch in akwadukt kinne se no wer by elkoar komme. Foardat se inoar fine moat der lykwols hiel wat wetter troch it Prinses Margrietkanaal streame.