Foar guon froulju wie de moeting mei de knappe en machtich ynteressante Kanadezen net allinne it ein fan de besetting, mar it joech ek gelegenheid ûnferwachte relaasjes oan te gean, gefoelens en seksualiteit te ûntwikkeljen.
Yn dit stik wurde twa Nederlânske famkes, Anna en Maria, beide fereale op in Kanadeeske soldaat.
Guon soldaten sjogge de kontakten mei Nederlânske famkes as wille meitsje nei in lange oarloch. By oaren ûntstiet werklik in relaasje. De gefolgen bliuwe dan ek net út.
Maria rekket swanger. Har libben wurdt bot skeind at se har soldaat net mear fine kin en har berntsje ôfstean moat.
Anna en Jim belove elkoar trou, mar it needlot driuwt har útinoar at Jim ûnder twang de oseaan wer oerstekke moat, werom nei Kanada. Harren leafde hat fiergeande gefolgen foar harren fierdere libben.
Omdat de libbens fan Maria en Anna úteinlik ek noch meimekoar ferbûn blike te wêzen, krije se 25 jier letter mei in reüny ûnferwacht antwurd op in soad fragen.
De Simmer fan 45 is in oangripend ferhaal oer (ûnberikbere) leafde en echte freonskip.
Skriuwer: Stephan Lang
Oersetting: Tineke Hoekstra
Regy: Tineke Broers
Regy-assistent: Rita Wijnsma
Spilers: Bianca Wiersma, Leo Boermans, Alle Hoekstra, Martijn Westerhof, Greetje Klaren, Jappie Broers, Yvonne van der Elst, Amarens de vries, Femke Dijkstra, Fokke Plantinga, Gerrie Dijkstra, Anne Minke Hoekstra, Hendrik van der Zwaag.
Muzyk en sang: Marjan Fennema
Figuraasje: Arjan van der Zwaag, Dirk Geerdink, Evert Rijpma, Fokeline van der Vegt, Hendrik van der Zwaag, Minke Anne Hoekstra.
Toanielbyld: Jaap Groen
Kostúmúntwerp: Carla Busscher, Ima Zuidema.
Grime- en kap úntwerp: Dries de Vries.
Ljocht- en technykúntwerp: Martin Sijtsma, Arjan Postma
Dekor útfiering en skilderwurk: Floris Antonides, Jaap Groen, Teije van Keimpema, Tjeerd Minnema, Gerard Schievink, Hedzer Smedes, Roel de Vries.
Kostúmútfiering: Carka Busscher, Siska de Haan, Atsje Heidstra, Janet Herder, Jellie Hoekstra, Jikke Minnema, Jantsje de Vries, Ima Zuidema.
Grime- en kapwurk: Anna Doornbos, Ankie Jagersma, Teun Scherjon, Loek Stoker, Fokeline van der Vegt, Dries de Vries.
Kaartferkeap/kontrole: Johan Bastiaans, Feddy de Boer, Juul Kleinhuis, Bouwe Koehoorn, Anneke Korringa, Peter Lok, Rie Meester, Fré van de Zee.
Stichting Iepenloftspul Burgum: Baukje de Boer, Gerrie Dijkstra, Peter van de Hoef, Tineke Hoekstra, Jan Jonker, Jantinus Kleinhuis, Jikke Sikkema, Jennie Wijmenga