1983 ‘Ut it singeliere libben fan Durk Snoad’

Skriuwer: Rink van der Velde
Rezjy: Romke de Leeuw.
Rezjy-assistinte: Saakje Docter
Ynstekster: Ina Douma
SpiIers: Dries Hogeveen, Hennie Westra, Alie Prins, Luut Mulder, Duifke Renkema, Sjoukje de Vries, Bertus Klazinga, Uilke Westra, Marc Bijlsma, Gerda van der Wijk, Geart Broers, Herman Broers, Daniêlle de Jong, Durk Pilat, Ludzer Bijlsma, Sytze Pilat, Jappy Broers, Fokke Broers, Lysbeth van der Werff, Hans Meinsma, Herre Roosma, Janny de Haan, Janny Brouwer, Antina de Vries, Folkert Meulenbelt, Henk ter Beek.
Teksten: Bertus Klazinga.
Bistepréparaasjes: Ben Klazinga.
Dekorûntwerp: Gertjan van Kamp.
Dekorbou/fervje:
Beljochting: Eise en Tabe Bruinsma.
Lûd: ûnbekendΙ
Muzyk: Ankie van der Meer, Gjalt Bosma, Roland Bouma. (meldijen): Roland Bouma.
Klaaiing (ûntwerp / meitsje): ûnbekend.
Grime / kapwurk: Jaap Visser.
Affysje: Bertus Klazinga.
Omballingen: Nel Bijlsma, Fokke en Sietske Hiemstra, Pytsje Jongsma, RoeI en Durkje Jullens, Jan van der Wal.
Wurkgroep: Fokke Broers, Ankie Henstra, Jan Jongsma, Bertus Klazinga, Diny van der Meer, Tine Paulusma.

Aardich om te witten: Foar 1983 woe de kommisje in dramatysk stik. Dit slagge omdat de bewurking te folle tiid naam. Rink van der Velde hie yn de santiger jierren in toanielbewurking makke fan syn ferneamde roman ‘Foaroaring fan lucht’ mei as titel ‘Ut it singeliere libben fan Durk Snoad’. Rink van der Velde koe it iepenloftspul net mear oan in skript helpe. Der moasten noch wol teksboeken wêze want yn 1975 wie it stik yn Grou spile. Eintsje beslút hat Fenna Bijlsma fan it krite bestjoer yn Grou,  der foar soarge dat Burgum in kopie krige. Neffens de regisseur moast it stik fan ferline jier it mear fan de dialogen ha en dit stik fan situaasjes. Der waard in soad publyk ferwachte, derom dit jier fiif foarstellingen. Nei de earste twa foarstellingen wie al dúdlik dat it stik wat de publike belangstelling net mear stikken koe. Sneons wie it sa drok dat der in pear hûndert minsken teloarsteld nei hûs moasten. Yn 24 jier iepenloftspulhisoarje wie dat noch nea bard. Op 29 juny siet it téater mei goed 1000 minsken wer grôtfol. Freedtejûns wiene der minsken dy’t wol mei in plakje yn de beammen genoegen nimme woene.  Yn it smoardrokke lêste wykein wurde besletten om de maondeis noch in seisde foartelling te spyljen om gjin minksen teloar te stellen. De foarstelling ‘Durk Snoad’ waard troch 6300 minsken bywenne. Dit wie noch nea earder bart en sil ek wol net wer barre. Wat in grut sukses.