1980 ‘De skelmstikken fan Scapin’ (2)

Skriuwer: Molière
Rezjy: Peter Brandsma.
Spilers: Sjoukje de Vries, Klaas Kloosterman, Goos Postma, Johannes Ytsma, Alle Dijk, Aly Faber, Reny Dijkstra, Hans Meinsma, Janny de Haan, Anneke Hogeveen , Ina Douma, Saakje Rozendal, Gjalt Wijmenga, Hieke Bosma, Lysbeth van der Werff, Jaep Meems.
Dekorûntwerp: Durk van der Meer
Dekorbou/fervje: GSW/Durk van der Meer
Beljochting: Tabe en Eise Bruinsma.
Lûd / Muzyk: Ratatouille.
Klaaiing (ûntwerp / meitsje):
Grime / Kapwurk: Peter Brandsma.
Affysje: Gerrit Breteler.
Omballingen: ûbekend.
Wurkgroep: Lutzen van der Meer, Marjanne Kremer, H.H.Lansink, Ankie Henstra, Jan Jongsma

Aardich om te witten: Nei de swirrichheden fan 1979 is mei tank oan en de ynspanning fan it Nut, de Fryske krite en doarpsbelang Burgum in nije kommisje ûtnstien wêryn alle trije ferienigings in kommisjelid levere ha. Kremer en Lansink ,út de âlde Culturele Commissie, namen ek plak yn de neije wurkgroep. Doe de nije regisseur fûn wie der wer in probleem oplost. Lykwol dreau de tiid. In jier oerslaan wie gjin oplossing. Der waard keazen foar in stik wat yn 1967 ek spile wie: ‘De skelmstikken fan Scapin’. Yn maart, in moanne letter as oars waard yn de ‘Drie gekroonder baarzen’ audysje hâlden en in wike letter koene de repetysjes begjinne. Op 20 juny doe it stik yn premjêre gie, gooide it reinige waar roet yn it iten en moast de foarstelling op it lêste stuit ôflast wurde. In jûn letter waarde de premjêre halden. It stik foel der goed yn. Fan de fjouwer plande foarstellingen gongen trije troch en waarden besocht troch rûm 800 besikers. Sawol de ynkomsten as de subsydzje fan de gemeente wie in opstekker om troch te gean.