1978 ‘Singelier’

Skriuwer: Robert Merle.
Rezjy: Thom van der Goot.
Rezjy-assistinte:  Hilly Meijer.
Ynstekster: Ina Douma.
Spilers: Johannes Ytsma, Jitse Krol, Wikje van der Veen, Anno van der Leest, Cees de Vries, Feije van der Meer, Luut Mulder, Reny Dijkstra, Jetske Boersma, Henny Westra, Sjoukje de Vries, Dries Hogeveen.
Dekor: Gerrit Breteler en Anno Zeinstra.
Dekorbou/fervje: ûnbekend.
Beljochting: Tabe en Eise Bruinsma.
Lûd / Muzyk: Kneppelfreed.
Klaaiing (ûntwerp / meitsje): Janny de Haan en Siefie van Dijk. Hânpop: Alie Westra.
Grime / Kapwurk: Jan Kingma.
Affysje: Gerrit Breteler.
Omballingen:  Ina Douma.
Kulturele Kommisje / Wurkgroep: ûnbekend.

Aardich om te witten: Yn 178 waard ‘Les Sonderling’, yn it Frysk ‘Singelier’ spile. Yn it programmaboekje stie dat it ferhaal net folle om hakken hie. De minsken dy’t in it stik foarkomme binne healwizelingen; clowns, trochdreavers, karikatueren. Koartsein singeliere minsken.  Fanwege it minne waar waarden de premjêre en de twadde foarstelling binnendoar yn ‘de Pleats’ spile. It aparte dekôr, de opfallend ferve gesichten en de clowneske klean wiene tige opfallend. Yn it stik wie ek plak ynromme foar muyk. Dy waard fersoarge troch de groep ‘Kneppelfreed’, besteande út Gerrit Breteler, Eelke Scherjon en Douwe Sibma. De wurdearing foar it stik dy bliken út goede resinsjes en in entûsiast publyk.