Skriuwer: Molière.
Rezjy: Tobias Piron.
Rezjy-assistinte: Ams van der Hoff.
Spilers: Goos Postma, Siep Doetjes, Marius Stobbe, Joop Wittermans, Hilly Meijer, Tineke Heegstra, Feije Spoelstra, Hylke Welling, Zus Popma, Hein Bouma, RoeI de Boer, Pieter Veenstra.
Dekorûntwerp: Trienke van Kleffens.
Dekorbou/fervje: Herre Kampen mei helpers / Wiep Boersma.
Beljochting: ûnbekend.
Lûd: ûnbekend.
Klaaiing (ûntwerp / meitsje): Trienke van Kleffens / Nellie de Winter mei helpsters.
Grime / Kapwurk: Pieter Schaaf .
Omballingen: ûnbekend.
Wurkgroep: ûnbekend.
Aardich om te witten: Fan ‘De skelmstikken fan Scapin bin fiif foarstellingen spile. Der waard hiel wat ûndernommen om de minsken waarm te meitsjen foar it stik. Tobias Piron skreau opwekkende stikken yn de streekblêden en in iepen wein mei sminkte spilers yn toanielklean ried troch de gemeente om goed reklame te meitsjen. De drumband foarop en acher de toanielwein ried in kassawein sadat de minsken daliks in kaartsje keapje koene. In goeie tûzen beteljende besikers ha it stik sjoen.