Faak stelde fragen

 

Wer wurd it stik spyle?

Typ yn jo navigaasjesteem / Google Maps in:

Koumarwei 2 Burgum

Folgje de oanwiizings en parkeer jo auto op it parkearplak foar de Sintrale.

As it waar te min is om te spyljen?

Foar in buike binne wy net bang mar stoarm of tonger kin in spulbrekker wêze.
Sjoch altyd even op ús webside of Facebook!

Foto’s?

Foto’s nimme mei wol, mar net flitse.

Hoe kin ik betelje op de spyllokaasje?

Jo kinne kontant betelje mar jo mei ek pinne op de spyllokaasje.

In fraach oer de kaartferkeap?

Do kinst maile nei kaartferkeap@iepenloftspul.nl

 

Is der catering oanwêzich?

Ja, nei de foarstelling is der catering oanwêzich.

Mobile tillefoan?

Mobile tillefoans graach útsette y.f.m. steuring op de senders fan de spilers.

Paraplu?

As it reint dan gjin paraplu’s omheech, oars sjogge de minsken dy’t efter jo sitte neat mear. Brûk dan in reinpak of sokssawat.

Rolstoel of in beheining?

Nim kontakt op mei info@iepenloftspul.nl. We helpe dy dan persoanlik fierder.

Smoke?

Op it hiele terrein mei net rookt wurde.

Wat wurdt it waar?

Dat sjogge jo op buienradar