Nije foarstelling: ‘Ik wol libje!’

Rezjy: Romke Gabe Draaijer | Tekst: Raymond Muller | Muzyk: Jelmer Scholte

In hechte mienskip fan mynwurkers fan it plattelân fan Wales en in fleurige, útlitten groep gays út Londen. Twa wrâlden dy’t op it earste each neat mei-inoar hawwe. En dochs ûntdekke se in mienskiplike striid: se wolle net ûnderdrukt wurde, mar sjoen wurde, heard wurde, libje.

Yn Ik wol libje! wurde dizze wrâlden byinoar brocht yn in swingende en oangripende muzikale foarstelling. It Grut-Brittanje fan de jierren ’80 is it toaniel: de mynwurkers komme yn ferset, HIV grypt om him hinne en Thatcher regeart mei hurde hân. Yn dy drege tiid ûntstiet in ûnferwachte freonskip, fol mei humor, jierren-80-hits en striidlust.

It hiele parseberjocht (Frysk en Nederlands) stiet hjir.

Spyldata 2026

  • septimber 2026
Spyldata & ynfo